Oer ús

Wolkom op de webside fan Nijjiersrevu De Jouwer

Wa’t oan de Jouwer tinkt, tinkt oan geselligens, Douwe Egberts, de Midstrjitte, de Ballonfeesten – én oan Revu de Jouwer. Elts jier yn jannewaris fersoargje wy mei in entûsjaste klup fan spilers, muzikanten en kreativelingen - jong en krekt wat âlder - in spetterjende Nijjiersrevu op ‘e Jouwer.

Revu de Jouwer is in bûnte miks fan kluchtige sketskes, pikefeljende lieten en fleurige dûnskes en acts, allegear yn ús eigen Fryske taal en mei in dikke knypeach nei it libben yn en om De Jouwer.

Fan it earste draaiboek oant de lêste strik op ‘e kostúms wurdt alles mei de hân en in hert fol passy makke troch ús eigen frijwilligers.

As de nijjiersrevu ein jannewaris noch mar krekt efter de rêch is, begjinne de skriuwers alwer mei it betinken fan de folgjende edysje. De sketskes, lieten en humor – faak bûn oan in reade tried - komme hielendal út eigen pinne. Wy meitsje in foarstelling fol werkenberens, fleur en faasje mei in flinke knypeach nei it libben op ‘e Jouwer en de wrâld deromhinne.

Krekt nei de jierwiksel komt de Nijjiersrevu op ‘e planken! Under begelieding fan de muzyk fan ús eigen revuband wurdt it publyk traktearre op in jûn fol wille, fertier en ferrassings. Lytse, gefoelige lietsjes en grutte fleurige meisjongers wurde ôfwiksele mei grappige sketsen en stikjes dy’t de aktualiteit yn en om ‘e Jouwer ûnder it fergrutglês lizze.

Dit alles dogge wy mei passy foar toaniel en in hert foar de mienskip.
Kom del, nim dyn freonen, buorren en beppe mei en lit dy meifiere op it ritme fan laitsjen, muzyk en ûnferjitlike mominten!
En… op of efter it toaniel, wy kinne altyd nije talinten brûke!

Nijjiersrevu De Jouwer 2026