Publisearre op: 6 juny 2025
It skript fan ’e 38e Nijjiersrevu is klear

De lêste pennestreek is set, it skript is KLEAR!
Under it genot fan kofje, tee en in hiele protte wille hat de skriuwersploech, ús nije regisseur Chris Marijt (oer him letter mear) en muzikaal lieder Hans Wempe justerjûn de lêste wurden fan ús nije revu fêstlein. Wat kinne wy no al grutsk wêze op wat der komt!
It wurdt wer in foarstelling fol fermaak, werkenbere situaasjes, Fryske humor, moaie lieten en fansels… Jouster eigensinnigens.
No is it de beurt oan de spilers, regisseur en muzikanten om it skript ta libben te bringen.
Hâld ús socials yn ’e gaten, want we nimme jimme graach mei efter de skermen yn de oanrin nei jannewaris!