Publisearre op: 8 oktober 2025
Nijjiersrevu de Jouwer ûntfangt prachtige sjek fan Rabobank!

Wat in moaie ferrassing! Wy hawwe út hannen fan Sytze Holtrop, lid fan de ledenried fan Rabobank Súdwest-Fryslân, in sjek fan € 978,18 yn ûntfangst naam.
Wy binne dêr hiel bliid mei, want mei dizze bydrage kinne wy wer hiele moaie dingen dwaan om ek yn 2026 wer prachtige foarstellingen del te setten.
Wat in geweldige stipe fan Rabo Clubsupport en de Coöperratieve Rabobank en fan elkenien dy’t op ús stimt hat.
Wy geane mei nóch mear enerzjy rjochting ús foarstellingen yn jannewaris 2026!
Tige tank elkenien!