Publisearre op: 12 jannewaris 2026
De premjêre fan de 38e Nijjiersrevu hat west!

Ofrûne sneon hawwe wy in fantastyske premjêre belibbe. Tank oan elkenien dy’t der wie, foar it applaus, de laits en de waarme reaksjes.
Ek is der in prachtige resinsje oer ús revu in it Friesch Dagblad: “Revu De Jouwer - Jakkert troch de tiid”. Wy binne grutsk! ❤️🎭

Goed nijs: takomme wike steane wy der wer!
📅 Freed 16 jannewaris – 20:00 oere
📅 Sneon 17 jannewaris – 14:30 & 20:00 oere
🎟️ Kaarten: revudejouwer.nl/kaartferkeap of by Primera op ’e Jouwer
Komst ek? Wy sjogge dy graach! 🎭✨