Publisearre op: 27 augustus 2025

De nije webside fan Nijjiersrevu De Jouwer is live!

De nije webside fan Nijjiersrevu De Jouwer is live!

It is safier: ús nagelnije webside stiet online! Mei in fris en eigentiids ûntwerp is de site hielendal fernijd. Ek de menustruktuer is flink ferbettere, wêrtroch't je folle makliker fine wat je sykje.

Op de webside kinst alles lêze oer de kommende foarstellingen, fynst in oersjoch fan ús spilersgroep en kinst neigenietsje fan eardere revu's mei foto’s en nijsartikels.

Ek ynformaasje oer de kaartferkeap en updates ferskine tenei oersichtlik op ien plak. Dêrneist is der in handich kontaktformulier taheakke, wêrtroch't it makliker is om direkt kontakt mei ús op te nimmen. Handich foar fragen, suggestjes of oare berjochten!

De webside is mobylfreonlik en oersichtlik, sadatst op elk apparaat maklik rûnsjen kinst.

Ekstra bysûnder: de webside is boud troch ien fan ús eigen spilers, dy't pas in jier aktyf belutsen is by de nijjiersrevu. In moai foarbyld fan hoe nije krêften har talint ynsette foar de revu!

Wy binne grutsk op it resultaat en benijd wat jimme derfan fine. Sjoch mar ris rûn – en lit foaral witte watst derfan fynst!

Link: www.revudejouwer.nl