Publisearre op: 23 maaie 2025
Einlings: der is in beslút oer Brûsplak De Jouwer

Nei goed tsien jier is it einlings safier: der is in beslút nommen oer it plak fan it Brûsplak op De Jouwer. De gemeenteried fan De Fryske Marren hat woansdeitejûn 21 maaie besletten dat it kulturele sintrum ûnderbrocht wurdt by de Brede Skoalle Joure Zuid.
In groep frijwilligers hat him al dy tsien jierren bot ynset om in plak te realisearjen dêr't moaie dingen barre sille, in plak fan moeting, dêr't moaie muzyk klinke sil, dêr't kultuer makke wurdt. Wy fan Nijjiersrevu de Jouwer bleauwen ek net stil sitten. Fjouwer jûnen stiene wy op it bordes fan it gemeentehûs mei kleurrike spandoeken, fierden wy in lyts toanielspul op en sprutsen wy op ludike wize riedsleden oan. Dêrmei fregen wy omtinken foar it belang fan it Brûsplak en it enoarme gebrek oan in goede lokaasje om ús ding te dwaan. Der wiene ek ferskate muzykferieningen en oare toanielgroepen oanwêzich: mei-inoar brûze foar it Brûsplak!
We binne tige bliid dat der no lang om let helderheid kommen is. Troch de tomeleaze ynset fan de frijwilligers fan it Lokaal, ús eigen minsken en de gearwurking mei oare kulturele groepen fan De Jouwer, krijt ús takomst in nij plak. De kommende tiid wurdt der tawurke nei de realisaasje fan in brûzjend en tagonklik Brûsplak yn it hert fan De Jouwer.