
De Stichting Nijjiersrevu de Jouwer bestiet út in entûsjaste ploech minsken die´t jierliks in Jouster nijjiersrevu op de planken sette wol. Doe´t de Fryske Krite nei 27 jier stoppe mei de revu, hat dizze ploech op 10 en 11 jannewaris 2014 harren earste (de 28ste) nijjiersrevu op ´e planken set mei it tema:
Frjemde Fûgels. Út de entûsjaste reaksjes en it oantal besikers (700 oer trije foarstellingen) blyk dat der genôch belangstelling is foar in nijjiersrevu. Op 9 en 10 jannewaris 2015 hat de twadde (de 29ste) nijjiersrevu plak fûn mei it tema:
In wiete boel. Ek hjirop wiene yn it generaal de reaksjes posityf. Der wiene 730 besikers yn trije foarstellingen. De tredde (30ste) nijjiersrevu mei it tema:
Út en Thúshat plak fûn op 8, 9 en 16 (middeis en jûns ) jannewaris 2016. Omdat it in jubileum revu wie, hat de organisaasje besluten om dizze kear fjouwer foarstellingen te jaan. It publyk wie laaiene entûsjast (sjoch resinsjes) en dat die ek wol bliken út it oantal besikers fan dizze revu: 950. Op 7, 13 en 14 (middeis en jûns) 2017 hat ús fjirde (31ste) nijjersrevu plak fûn mei it tema
Fjoer en flam. De reaksjes fan de media (krante resinsjes) wienen sa as de foargeande jierren wêr posityf. It oantal besikers nimt noch steeds ta. Dizze kear wie dat: 986. It tema fan de fiifde (32ste) nijjiersrevu wie
Wy dogge noch in rûntsje!. Oer de fjouwer foarstellingen op 6, 12 en 13 jannewaris 2018 mochten wy 944 besikers wolkom hjitte; mei troch de hearskjende gryp krekt wat minder as ferline jier. De resinsjes wiene ek dit jier wer net mis (sjoch by Nijs)
Hulten en Bultensa hiet de sechsde (33ste) Nijjiersrevu. Leafst 1.011 besikers kamen yn jannewaris 2019, ferdield oer 4 foarstellingen, nei ´t Haske. Se wiene poer entûsjast, lykas de kranten (sjoch wer by Nijs). It doel fan us foarsitter fan 999 besikers wie hjirmei behelle. Yn jannewaris 2020 wûn Niijiersrevu de Jouwer De Kultuerpriis De Fryske Marren 2019. Yn it foar hiene we net betinke kinnen dat it tema fan de 34e Niijjiersrevu
Grut, Grutter, Grutsksá tapaslik wêze soe! Ek grutsk wiene wy op it nije besikersrekord fan 1.015, ferdield oer 4 foarstellingen. De reaksjes wiene oer it algemien wer hiel posityf. Nei de simmer fan 2020 gie de ploech fan start mei de tariedingen foar de 35ste Nijjiersrevu “Keallepoaten, sturtklokken en oare kofje”. Sa't elkenien wit hearske doe de corona-pandemie. Yn novimber 2020 moesten de rippetysjes stopje; de jildende maatregels fan it RIVM lieten it net langer ta. De 35e Nijjiersrevu moast in jier útstelt wurde. Nijjiersrevu de Jouwer hat doe besletten yn jannewaris 2021 de revu by de minsken thús te bringen en brocht in spesjale jubileumkrante út ( sjoch by nijs ). Ein 2021, poaging nûmer 2 foar de 35e revu. Hast wie de ploech der klear foar en doe… wer gie alles ticht en dus koe de revu ek net foar it fuotljocht brocht wurde. De ploech woe en koe net noch in jier wachtsje en hat besletten it oars as oars te dwaan. De 35e revu waard in Neijiersrevu en stie yn oktober 2022 einlings op 'e planken. It waard in smûk, lyts feestje yn húskeamersfear. 642 besikers wiene der ferdield oer 5 foarstellingen by!